Slimme fal mei bousteiger

17 jul 2006 - 11:05

Yn Ljouwert is sneintemoarn ier in man (30) út Assen slim ferwûne rekke by in fal mei in bousteiger op 'e Skrâns. Hy woe mei in freon mâl dwaan en klom op 'e steiger. Syn maat (24) út Amsterdam ûntgrendele dêrop de tsjellen, mar doe foel de steiger om en klapte de Assenaar op it asfalt.

It slachtoffer is mei slimme ferwûnings nei sikehûs MCL oerbrocht. De plysje ûndersiket oft de freon in strafbere rol yn 'e saak spile hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)