Cambuur wint yn Koatstertille

17 jul 2006 - 10:41

Cambuur hat sneon yn Koatstertille in oefenwedstriid mei 4-2 wûn fan in regioteam út de omkriten fan Koatstertille. By rêst wie de stân 3-0 troch goals fan Jeroen Ketting, René van der Weij en Martijn Roosenburg.

René Peterson, spiler fan Harkemase Boys, makke yn de 70ste minút 3-1. Ale de Boer fan Cambuur makke der wer trije doelpunten ferskil fan. Peterson soarge úteinlik foar de 4-2 einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)