Van der Veen wint yn Eindhoven
José van der Veen fan Drachten hat sneon de 400 meter wûn op de iepen Eindhovense baankampioenskippen. Yn in tiid fan 54 sekonden en 72 hûndertsten wie se de rapste. Twadde waard de Ierske Martina McCarthy. Sy hie twa sekonden efterstân.
De Amsterdamse Romy Kraayeveld pakte op trije sekonden it brûns.