Plysje tefreden oer Heeren Veen

© Omrop Fryslân
De plysje is tefreden oer it ferrin fan de iepening fan Sportstêd Hearrenfean mei it teaterspektakel De Heeren van het Veen. Omdat in soad ynwenners fan It Hearrenfean de earste dei yn it stadion wiene, is der ekstra strang tafersjoch hâlden. Ek binne in soad minsken kontrolearre op alkoholmisbrûk en ferkearsgedrach.
Der is gjin ien oppakt. Mar wol binne der in fyftjintal boetes útdield.