Brân op camping yn Sondel

16 jul 2006 - 17:43

In caravan op in camping oan 'e Beuckenswyk yn Sondel is sneintemoarn folslein útbaarnd. Op it stuit fan de brân wie der gjinein yn. Campinggasten hearden midden yn 'e nacht gasflessen ûntploffen. De caravan fan in famylje út Huizen stie yn ljochte lôge.

De brân is nei alle gedachten oanstutsen. Flak foar de knallen binne stimmen fan jongerein heard. Technysk ûndersyk wiist fierders út dat de gaskranen iependraaid wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)