Winst foar Van der Helm

16 jul 2006 - 17:28

Gersbaanracer Maickel van der Helm fan Noardwâlde hat sneon yn 'e klasse specials-nationaal it earste plak behelle op in Nasjonaal jeugdtoernoai. Hy bleau yn Roden de Ingelsmân John Cox foar.

By de froulju wûn Jessica Elsinga fan Wolvegea. Yn de 85cc klasse pakte Tony Roelsma fan Oerterp de oerwinning. Yn de klasse fan 125 cc foar de jeugd wûn Jeffrey Woortman út Goutum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)