Bouwmeester 13e op WK Laser

16 jul 2006 - 17:10

Marit Bouwmeester fan Warten stiet op dit stuit trettjinde op it jeugdwrâldkampioenskip silen yn de klasse Laser. Yn Ingelân waard se sneon 23ste, fiifde en yn de lêste race kaam sy net oer de finish.

Snein die Bouwmeester it in stik better. Yn de earste race waard se fyfde en yn de lêste race pakte se in knappe twadde plak. Bouwmeester hat no fiif fan de tolve races hân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)