Goedkeap mei iepenbier ferfier

16 jul 2006 - 15:36

Reizgers kinne fan dit wykein ôf goedkeaper mei de trein troch Fryslân. Op de trajekten Ljouwert-Harns en Ljouwert-Starum kostet in retûr de hiele simmer 5 euro en in inkelde reis 3,5 euro.

Ek in rit mei de bussen fan Arriva is op dit stuit goedkeaper. Dat wie oare simmers ek al sa en dat smiet Arriva in soad ekstra reizgers op. De tariven binne jildich oant en mei snein 3 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)