Dúnpaad Skier fierder opknapt

16 jul 2006 - 15:22

It wurk oan it Duinpad op Skiermûntseach giet dizze wike fierder. Nei in nije asfaltlaach fan in pear wike lyn komme der dizze wike nije skulpen op. It paad hat dan syn oarspronklike úterlik werom.

It dúnpaad is wichtich foar de berikberens fan it swimbad, it terrein fan 'e fuotbalferiening, simmerhûzen en de tennisferiening. Omdat der in soad ferkear delkaam, wie it paad folslein stikkenriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)