Dielnimmer sylrace hat maleur

16 jul 2006 - 15:22

De rêdingsboat Edzard Jacob fan Skiermûntseach hat sneon in sylskip fan 'e Colin Archer Memorial holpen. Flak nei de start yn Lauwerseach gie it roer stikken. De rêdingsboat hat it skip op sleeptou werombrocht nei de haven. Earder op 'e dei hie de KNRM op Skier holpen by in oanfarring tusken twa sylskippen. De Colin Archer Memorial wurdt om de twa jier syld. De start is yn Lauwerseach en de finish yn Noarwegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)