Nije meldkeamer komt yn Drachten

© Omrop Fryslân
De meldkeamer foar alle helptsjinsten yn it Noarden komt yn Drachten. Yn in nij te bouwen gebou komme de meldposten fan plysje, brânwacht en ambulânse by inoar. Der is lang socht nei in goede lokaasje.
Uteinlik is Drachten as bêste nei foaren kaam. Der is wurk foar 150 minsken. De nije meldkeamer moat op 1 jannewaris 2009 funksjonearje. De meldkeamers fan Ljouwert, Assen en Grins sille dan ferdwine.