Unbekende man fêst yn Drachten

© Omrop Fryslân
De plysje yn Drachten hat sneontemoarn in man oanhâlden foar fernielerij. De man fersette him sa tsjin syn oanhâlding dat er in rút út de plysje-auto skopte. Hy sit fêst op it buro, mar wol net sizze wa't er is.
Hy hie gjin papieren by him. In frou op de Engwerd yn Drachten belle dat in man blompotten yn har tún fernielde. Doe't de plysje kaam, siet de man noch yn de tún. De plysje siket út wa't er is.