Mishanneling op Skylge

© Omrop Fryslân
In man fan likernôch 18 jier hat sneontemoarn betiid twa manlju mishannele op Skylge. De beide manlju rûnen yn it selskip fan twa famkes oer de Hearewei nei Mislân. De man helle har yn op de fyts en spruts se oan.
Sûnder oanlieding waard er agressyf en skopte en sloech er de manlju tsjin de holle en skonken. De plysje is noch op syk nei de dieder: in man fan sa'n 18 jier, mei in negroïde uterlik en kroljend hier. Hy hie swarte klean oan.