Opnames nije film Opera Spangea

15 jul 2006 - 14:39

Opera Spangea begjint nije wike mei de opnames fan in twadde operafilm, Samson & Delilah. It ferhaal komt út it Alde Testamint fan de bibel en giet oer de frou Delilah dy't de sterke Samson ferliedt.

Samson ferliest úteinlik syn krêft. Yn 2003 is de earste operafilm, Verdi's Rigoletto, yn Spangea fertoand en dat wie in grut sukses. De opnames duorje oant healwei septimber. De premjêre is yn de simmer fan 2007.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)