Brânbulte op De Jouwer

15 jul 2006 - 14:35

Op de Vegelinswei op De Jouwer is freedtejûn in brânbulte mei dêrop twa mobile húskes, in bankstel en oar guod yn brân stutsen. Unbekenden hiene in bulte makke fan hout fan it spikerdoarp mei dêrop keunststof fundearringsblokken.

De brânwacht hie it brantsje gau ûnder kontrôle. De húskes binne raand en it bankstel is skeind. De plysje docht ûndersyk nei wa't de brânbulte makke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)