Kaartfereap De Muze rint goed

© Omrop Fryslân
De kaartferkeap foar it stik De Muze fan Lyts Hermana yn Minnertsgea rint hiel goed. Dat is bysûnder want de organisaasje krige yn earste oanset in ferkearde poster oanlevere. Dy poster gong oer sadelpine en smite dus gjin promoasje op foar it toanielstik.
Op it lêst is de goede poster dochs oanlevere en hat de kaartferkeap der net fan te lijen hân. It bestjoer oerwaget in ekstra foarstelling yn te laskjen op 28 septimber.