Soad boetes op it wetter

15 jul 2006 - 12:51

De plysje hat de ôfrûne wiken al mear as hûndert minsken op it wetter bekeurd. De boetes waarden ûnder oare útdield foar te hurd farre, tefolle drank op en it springen fan brêgen ôf.

De plysje is de kommende wiken wer faak op it Fryske wetter te sjen. Dit yn it ramt fan it projekt Zomerwatertoezicht 2006 dat op 1 july begûn is. Der binne dit jier al mear bekeurings útdield as ferline jier oer deselfde periode.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)