Saakkundigen ûniens oer munt-tút

15 jul 2006 - 12:37

Famkes dy't jonges in intime tút jouwe yn ruil foar in drankje of in munt om drank te keapjen, kieze faak bewust foar dat ûnderdanige gedrach. Dat seit jongerenwurker Ten Zijthof as reaksje op it fenomeen munt-tút.

De munt-tút is in lichtere foarm fan de 'breezerseks' yn Amsterdam. Dêr geane famkes mei jongens op bêd foar in breezer. Ten Zijthof is net benaud foar negative gefolgen fan de munt-tút. Helpferlieners binne dat wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)