Brêge Wergea hast oan ein

15 jul 2006 - 12:33

De brêge oer de Wergeasterfeart yn Wergea is sa fersliten dat er fan moandei ôf mar fjouwer kear deis iepen kin. It âlde ophelmechanisme is oan ein en kin net mear brûkt wurde.

As needmaatregel is tydlik in elektromotor ynstalleard dy't de brêge ophellet. Der is wol jild foar in opknapbeurt. Dy moat fan't hjerst wêze. De gemeente Boarnsterhim tinkt dat de oerlêst foar de toeristen wol tafalle sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)