Kuierkaart jout mear ynformaasje

14 jul 2006 - 17:04

Op de nijste edysje fan de Fryske kuier- en fytskaart steane tenei ek de sadeltektuorren en klokhuzen yntekene.

De twatalige kuierkaart fan de Stifting Doarpswurk en útjouwer Versloot út Hilaard biedt 150 kuier- en fytsroutes troch de provinsje. Ek jout de kaart kultuer-histoaryske eleminten lykas terpen, stinzen en musea oan. De tredde edysje fan de kaart is tongersdei presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)