Jild stellen by ynbraken

14 jul 2006 - 13:55

By ynbraken yn twa horekasaken yn Terherne is woansdeitenacht flink wat jild stellen. By in saak oan de Buorren kamen de dieders deryn troch in doar te forsearen. Sy namen ûnder oare in kassalaad en in klús mei ynhâld mei. Ek de gokkast waard leechhelle.

Yn deselde nacht waard ynbrutsen yn in horeka-saak oan de Syl. Dêr kamen de dieders deryn fia in rút. Ek hjir waard it kassalaad stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)