Sportstad Heerenveen iepene

© Omrop Fryslân
Yn in fol Abe Lenstrastadion is tongersdeitejûn Sportstad Heerenveen offisjeel iepene. Foar sawat 100 miljoen euro is it stadiongebiet útwreide mei swimbaden, sporthallen, skoalgebouwen en in Sûnensboulevard.
De ynwenners fan it Hearrenfean koene fergees nei it iepeningsspektakel "De Heeren van het Veen". Artistyk lieder Jos Thie en mear as 2300 akteurs en muzikanten hellen alles út de kast om de taskôgers te fermeitsjen.