Alde paden ûntdutsen

© Omrop Fryslân
Sa'n 60 âlde paden binne tongersdeitejûn yn Dronryp op 'e tafel kaam by it Projekt Oude Paden, Nieuwe Wegen fan it Steunpunt Monumentenzorg Fryslân. Nei dizze tredde byienkomst yn de regio Midden-Fryslân binne der meiïnoar 120 âlde routes wer op 'e kaart set.
Uteinlik wol it Stipepunt de âlde paden yn hiel Fryslân opnij yntekenje. Nei de fakânsje wurdt it projekt trochset yn de regio Súdeast-Fryslân.