Skuldeaskers Cambuur wolle mear

© Omrop Fryslân
De fiif lêste skuldeaskers fan Cambuur tinke dat der by de klub mear te heljen is as de 20% dy't se no krije kinne. De skuldeaskers easkje ûnder oaren dat der nochris sjoen wurdt nei de wearde fan it stadion. Tongersdei stiene se yn heger berop foar de presidint fan de rjochtbank.
Harren advokaat tinkt sels dat syn kliïnten it folsleine bedrach werom krije kinne as it stadion foar mear as 9 miljoen euro ferkocht wurdt.