Fabriek tredde yn Frankryk

14 jul 2006 - 11:10

Gersbaanracer Dirk Fabriek fan Jobbegea is tongersdeitejûn tredde wurden by in ynternasjonale topwedstryd yn Frankryk. Yn it Frânske Marmande wie de folsleine wrâldtop oanwêzich. Fabriek waard yn de searjes twa kear earste, mar yn de finale koe hy net foarkomme dat de Dútser Robert Barth earste waard.

Foar tweintich tûzen man publyk waard Yannick de Jong fan De Gordyk sechde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)