Dirigint leit it stokje del

14 jul 2006 - 11:09

Dirigint Tseard Verbeek hâldt op mei syn wurk as lieder fan it Fries Jeugd Harmonie Orkest. Yn septimber jout Verbeek foar it lêst lieding oan it jongereinorkest fan Keunstwurk. Hy hâldt op omdat de tariedings en al it geregel him te folle wurden binne.

Hichtepunt yn syn alve jier as dirigint wiene de konsertreizen yn Noarwegen en Praach. Ek de opname fan de CD 'By the Way' wiene foar Verbeek spesjaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)