Plysjedei dit jier yn Grinslân

14 jul 2006 - 10:18

De lanlike plysjedei wurdt dit jier yn it Grinslanner rekreaasjegebiet Nienoord by De Like hâlden. De manifestaasje wurdt organisearre troch de korpsen fan Fryslân, Grinslân en Drinte.

Besikers kinne yn de kunde komme mei alle fasetten fan it plysjewurk. Se kinne ek prate mei de trije korpssjefs. De Fryske kommissaris Dick de Boer ferwachtet op syn minst 25.000 besikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)