Dochs ûndersyk ûngelok Eastrum

13 jul 2006 - 22:39

De plysje Fryslân sil toch in djipgeand ûndersyk útfiere nei it ûngefal by Eastrum yn maaie, dêr't 4 persoanen by om it libben kamen doe't harren auto te wetter rekke. Technysk ûndersyk hat útwiisd dat de hânrem oanlutsen wie. Nei alle gedachten is de auto dêrtroch ûnbestjoerber wurden en te wetter rekke.

De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt om te sjen oft ferfolchstappen nedich binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)