Looper hâldt op mei top-atletyk

© Omrop Fryslân
Hurdrinster Anita Looper fan Aldeberkeap hâldt op mei top-atletyk. Troch har ferhuzing nei Amearika en it nedige blessuereleed waard de kombinaasje fan yntensyf traine en wedstriden rinne yn sawol Amearika as yn Nederlân in te swiere opjefte.
Anita Looper waard dit jier noch wol Nederlânsk kampioen op de 5 km en twadde op de 10 km. Anita Looper slút freed har karriêre ôf mei in 1500 meter yn Grins.