Iepen dei brânwacht Ljouwert

© Omrop Fryslân
Op it terrein fan de brânwacht yn Ljouwert wiene woansdei demonstraasjes en foarljochting oer alles wat te krijen hat mei blussen en previnsje fan brân. Der wiene ek oare helpferlieners, lykas de plysje, it Reade Krús en de brânwûnestifting.
Besikers koene mei yn in heechwurker, prate mei in dûker en ferdwale yn in loads fol mei reek. Boargemaster Dales fan Ljouwert hat mei de spuit it startsein jûn foar de iepen dei.