Treinmuseum Snits siket romte

© Omrop Fryslân
It Nationaal Modelspoarmuseum yn Snits siket noch hieltyd nei in romte foar de opslach fan net eksposeard materiaal. De gemeente Snits hat besletten gjin romte yn de stêd beskikber te stellen. Skinkingen lykas modeltreinen wurde dêrom foarearst net mear oannaam.
Neffens foarsitter Max Kooimans komme der wol oanbiedings foar opslachromte út it lân binnen, mar it museum wol syn materiaal al yn Fryslân hâlde.