Oplossing Schatzenburg tichterby

© Omrop Fryslân
Der liket in oplossing yn sicht foar in konflikt tusken eigner Van Booma fan rekreaasjekompleks Schatzenburg by Menaam en de gemeente Menameradiel.
Van Booma docht foarstellen dy't de ynwenners fan Menameradiel mear mooglikheden jouwe om it swimbad te brûken. Ien fan de foarstellen is in abonnemint fan fjouwer moanne foar 100 euro. Bern oant 12 jier betelje 50 euro. De gemeenteried moat noch akkoart gean mei it foarstel.