Boek oer seehûnekresj en 't Hart

13 jul 2006 - 14:46

Yn Pieterburen is woansdei in boek presintearre oer de seehûnekresj en oprjochtster Lenie 't Hart. It boek Hart voor de Zeehond is in initsjatyf fan it Dagblad van het Noorden. Reden genoch, sa fûnen se by de krante, om de skiednis ris yn kaart te bringen.

Yn it boek steane ferhalen oer it ûntstean fan de kresj en oer de frijwilligers. Ek wurdt der in geheim iepenbier makke: prins Bernhard stipe de kresj finansjeel en kaam 1 kear del.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)