Baktearje jout kastanjesykte

13 jul 2006 - 14:41

In baktearje is de belangrykste oarsaak fan de mysterieuze kastanjesykte. Dat is de konklúzje nei ûndersyk fan de universiteit fan Wageningen. Sûnt in jier as twa hâldt de sykte hûs ûnder wylde kastanjes, dy't der hiel gau dea fan gean. Der is noch gjin middel fûn om de baktearje te bestriden.

Neffens de ûndersikers is it goeie nijs dat tamme kastanjes der gjin lêst fan hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)