Yn aksje foar behâld liedsters

13 jul 2006 - 11:14

Alders fan bern út de gemeente Achtkarspelen komme yn aksje foar behâld fan de ekstra liedsters foar de pjutteboartersplakken yn de gemeente.

De saneamde 'tutors' driigje nei de simmerfakânsje te ferdwinen, omdat der noch gjin jild is om dizze minsken te beteljen. Der binne wol plannen, mar der is noch gjin goedkarring fan de gemeente. Freed sille der sa'n twahûndert protesthantekens oanbean wurde oan wethâlder Stellinga.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)