Fytsbrêgen Drachten iepene

13 jul 2006 - 10:22

De twa fytsbrêgen yn Drachten binne woansdei iepene troch de wethâlders fan de gemeenten Smellingerlân en Opsterlân. Dat gebeurde mei in lange rige fersierde fytsen en in muzykkorps.

It giet om de Ring oer de A7 en de Slinger oer de Overstesingel en Ikesingel. De Ring is spitigernôch net hufterproof. De ferljochting is al foar in part fernield. It giet om in tsiental tl-ljochten dy't yn de leuning ferwurke binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)