Helmholt wer oer 19 meter

© Omrop Fryslân
Fierljepper Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat tiisdei foar de tredde kear dit seizoen oer njoggentjin meter sprong. Yn De Westerein wie hy mei in winnende ôfstân fan 19.03 meter fierwei de bêste. Nûmer twa, Oane Galama kaam net fierder as 17.92 meter.
Ek de Hollanners krije de smaak fan de nije karbonpols te pakken. Junior Jacco de Groot sprong tiisdei yn Jaarsveld in nij Nederlansk junioarerekord fan 19.30 meter.