Jild foar wenfoarm probleemjeugd

12 jul 2006 - 16:27

It plan fan Jeugdhulp Friesland foar in wenfoarsjenning foar 80 jongeren mei earnstige gedrachsproblemen krijt stipe fan de provinsje. Dy stekt 200.000 euro yn de planfoarming.

Jongeren mei slimme gedrachsproblemen wurde no faak yn jeugdynrjochtingen lykas it Grinzer Poortje plaatst, omdat der oars gjin plak foar se is. Yn de nije wenfoarm kinne de jongeren behandele wurde, krije se ûnderwiis en wurde se tared op wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)