Teaterstik tsjin loverboys

12 jul 2006 - 12:15

Vrouwenopvang Friesland wol mei in teaterstik by skoallen en buertsintra del om bern te warskôgjen foar saneamde loverboys. Dat binne jonges dy't krekt dogge dat se ferkearing hawwe wolle mei in famke. Mar yn it echt twinge sy dat famke de prostitúsje yn te gean om der sa jild oan te fertsjinjen.

Ek yn Fryslân wurde inkele tsientallen famkes alle jierren it slachtoffer fan in loverboy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)