'Alle granaten opromje te djoer'

© Omrop Fryslân
It is fierstente djoer om it folsleine stik lân by it spoar fan Hieslum frij te meitsjen fan granaten út de Twadde Wrâldoarloch. Dat seit wethâlder Rein Boersma fan de gemeente Wûnseradiel.
In spesjaal bedriuw makket in gebiet fan 70 meter breed skjin foar de oanlis fan in gaslieding. Eins soe dat barre moatte foar in gebiet fan wol 800 meter, want ek dêr lizze noch granaten. Mar dat soe neffens de wethâlder te folle kostje.