Rjochtbank: sjittende Antilliaan

12 jul 2006 - 11:19

Twa fertochten fan 17 en 19 jier fan Antilliaanske komôf wurde troch de rjochtbank yn Ljouwert beskuldige fan poging ta moard. De fertochten wiene belutsen by in sjitpartij begjin maart yn de Ljouwerter Oosterstrjitte. Neffens justysje hiene der slachtoffers falle kinnen.

De 19-jierrige seit dat er mar ien kear sketten hat. Oanlieding wie in rúzje yn in coffeeshop. De 17-jierrige is achter sletten doarren foarkommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)