Te folle bazen by Wetterskip

© Omrop Fryslân
Der wurkje nei de kommende reorganisaasje by Wetterskip Fryslân noch hieltiid te folle liedingjaanden. Dat fynt de ûndernimmingsried fan it wetterskip. De ried ferge it deistich bestjoer earder al op in sa plat mooglike organisaasje mei sa min mooglik bazen.
As kompromis skraste it deistich bestjoer noch ien ûnder-direkteur. By it wetterskip moatte ûngefear 60 banen ferdwine.