Granaten ûntploft by Hieslum

12 jul 2006 - 09:43

By it spoar tusken Snits en Starum binne tiisdei granaten út de Twadde Wrâldoarloch ta ûntploffing brocht. Yn 1945 liet in fersetsgroep in frachttrein mei 150 ton munysje ûntspoare. Dêrnei waard de trein ek noch besketten troch Ingelske fleantugen. By Hieslum is dêrom wol faker munysje fûn.

De Gasunie wol no in gaslieding oanlizze op it terrein. Dêrom moatte de gefaarlike projekten opromme wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)