Molkauto kantelt by Balk

12 jul 2006 - 09:42

De Sudergowei tusken Balk en Riis is tiisdei de hiele middei ôfsluten foar ferkear om't der in molkauto kantele is. Der moat 32.000 liter molke út de auto pompt wurde. In rychje beammen dêr't de auto tsjin botst is, moat kapt wurde.

De auto kantele doe't de bestjoerder útwike moast foar in foargonger dy't hurd remme om't plysjeminsken in flitser pleatsten yn de berm. De sjauffeur fan de molkauto rekke ferwûne

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)