Noch op syk nei bitende otter

© Omrop Fryslân
Yn de Rottige Meenthe besiket ûndersyksynstitút Alterra noch hieltyd de otter te fangen dy't fan it wykein in jonkje biten hat. De otter hat in stjoerder om dy't noch oant ien oere tiisdeitemiddei sinjaal jout en dan wer in skoftsje net te finen wêze sil.
It sil dreech wurde om it bist te fangen. De otter wurdt in fal ynlokt mei iten, mar dochs is de ferwachting dat it bist him net fange litte sil.