Nij glêzen dak op Broeretsjerke

© Omrop Fryslân
Alle glêsplaten yn it dak fan de Boalserter Broeretsjerke wurde ferfongen. Tweintich fan de fyftich ruten binne skuord. It Delftse bedriuw Octatube krijt fan de gemeente oant 15 oktober de tiid om de ruten sûnder skuorren op te leverjen. Sa lang bliuwt de tsjerke ticht.
De hiele operaasje kostet ferskate tonnen. Syn bedriuw en de Dútske glêsleveransier ferskille fan miening oer wa't de skuld hat.