Jack Russells by Penjum fongen

© Omrop Fryslân
De trije Jack Russell-hûntsjes dy 't by Penjum yn it lân rûnen, binne fongen. De famylje Huizinga hat der mear as wike wurk fan hân om de hûnen te pakken te krijen. Ien liet 'm al gau fange, foar de oare twa moasten se in foksefal brûke.
It liket it derop dat de eigners de trije Jack Russels yn it lân dumpt hat foar de fakânsje. De biste-ambulance sil in nije famylje foar de hûnen sykje.