Wentebou Waadeilannen fan slot

11 jul 2006 - 10:57

De dyk op Skylge, Flylân en Amelân wurdt ferlein sadat der mear boud wurde kin. Steatssiktaris Schultz-Van Haegen sei dat moandei by har wurkbesite oan Fryslân.

Benammen op It Amelân is dat needsaaklik. Dêr steane no fakânsjehuzen, in jeugdherberch en kamping Duinoord bûten de dykbeskerming. Dy kinne yn ekstreme gefallen ûnder wetter komme te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)