"Gjin nuete otters útsette"

© Omrop Fryslân
De Russyske otters hiene nea útset wurde mochten yn natuergebiet de Rottige Meenthe by Nijetrine. Dat seit Addy de Jong fan de stichting Otterstation Nederland. Ien fan de otters hat snein in jonkje biten.
Neffens De Jong hat bliken dien dat de otters te folle oan minsken wend binne. Ynternasjonaal is lykwols fêstlein dat nute bisten net yn it wyld útset wurde meie. De otters kamen út in park yn Ruslân.