Otter falt bern oan

© Omrop Fryslân
In otter dy't koartlyn útset is yn it natuergebiet de Rottige Meenthe by Nijtetrine hat snein in jonkje oanfallen. It bern hat der in skram oan oerhâlden, seit in wurdfierder fan it ûndersyksinstitút Alterra yn Wageningen.
De otter liket frij nuet te wêzen en lei snein op in terras by ien fan de hûzen yn it gebiet. Doe't it jonkje nei it bist tarûn, foel de otter oan.